Brinkhorst ûnferwacht yn Fryslân

21 apr 2001 - 00:00

Minister Brinkhorst fan Lânbou hat sneon in besite brocht oan Drachten. Hy prate dêr mei trije boeren dêr't it fee fan romme is fanwege de tongblier.

Brinkhorst wol gau in finansjele regeling foar de troffen Fryske boeren. Hy joech in komplimint oan de Fryske oanpak fan de sykte. Neffens him is it opheffen fan it eksportferbod troch de EU dêr oan te tankjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)