Brinkhorst mei feemerk net slute

19 jun 2002 - 00:00

Minister Brinkhorst fan Lânbou mei de feemerk yn Ljouwert net slute, sa hat de Twadde Keamer bepaald. De feemerk kaam in pear wiken lyn yn de problemen om't de merk mei yngong fan 1 july foldwaan moat oan strange regels.

It CDA fynt dat in demisjonêr minister net it foech hat om in fiergeand beslút oer de sluting te nimmen. In mearder- heid fan de keamer is it dêrmei iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)