Brink fuort by LTO Noord

11 apr 2011 - 16:51
  • Henk Brink

Henk Brink hâldt op as foarsitter fan lânbou-organisaasje LTO Noord. Brink is kandidaat om deputearre te wurden yn de provinsje Drinte. Hy wurdt opfolge troch Siem Jan Schenk. Dy sil de funksje fan foarsitter der by dwaan, oant der in nije foarsitter fûn is.

Schenk is lid fan it algemien bestjoer fan LTO Noord en ûnder oare foarsitter fan de fakgroep melkfeehâlderij. Henk Brink hat hast 20 jier aktyf west binnen de lânbou-organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)