Brieven oan God ferbaarnd

12 mrt 2007 - 14:37
  • Keunstner Johan van der Dong

De Grinslanner keunstner Johan van der Dong sil yn april yn Peazens-Moddergat brieven oan God ritueel ferbaarne. Van der Dong iepene ferline jier in postbus foar minsken dy't in brief oan God stjoere woene.

De keunstner hat hûnderten brieven krigen. Op stille sneon, de dei foar Peaske, stjoert er de noch net iepene brieven nei de himel troch se ritueel te ferbaarnen. Dat wurdt dien by it fiskersmonumint oan de seedyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)