Brieven Algra nei argyf Brabân

15 okt 2003 - 00:00

De brieven dy't Hendrik Algra yn de twadde wrâldoarloch oan syn familje skreau, geane nei it Ryksargyf yn Brabân. De politikus siet yn 1942 en 1943 yn Kamp Beekvliet yn Sint Michielsgestel. Hast alle dagen skreau er in brief; 236 mei elkoar.

Yn Fryslân wie belangstelling foar de brieven en ek it NIOD woe se ha. Dochter Hetty Runia Algra fynt dat se hearre by de stichting Gijzelaars Beekvliet dy't by it Ryksargyf yn sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)