Brievebussen doelwyt fjoerwurk

30 nov 2004 - 10:25

Yn Fryslân binne de ôfrûne tiid al njoggen brievebussen skânsearre troch fjoerwurk. Foaral yn Snits wurdt in soad fernield. Dêrom is TPG post dwaande de iepeningen fan de brievebussen smeller te meitsjen. Sy binne der 1 novimber al mei begûn, in moanne earder as oars.

Brievebussen dy't oare jierren al doelwyt wiene, wurde oanpast. Op âldjiersdei wurde alle bussen ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)