Brief oer skoalreis Bremen

26 nov 2010 - 17:12

It Drachtster Lyceum hat âlden ynformearre oer it skoalreiske nei de krystmerk yn Bremen. Der is mear risiko op oanslaggen yn Dútslân. De reis nei Bremen is nije wike woansdei. De skoallieding skriuwt dat de reis trochgiet om't se tinkt dat yn grutte plakken, lykas Keulen, München en Berlyn mear driging is as yn Bremen.

Alden dy't har bern net nei Bremen gean litte wolle, wurdt frege dat te melden oan de organisaasje fan de reis. It giet om havo en vwo 3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)