Brief oer orgaandonaasje

15 apr 2014 - 06:58

Goed 7200 18-jierrigen yn Fryslân krije tiisdei in brief fan minister Edith Schippers fan Folkssûnens oer orgaandonaasje. Se freget de jongeren een kar te meitsjen oer orgaan- en weefseldonaasje. Yn it brief stelt de minister: 'Door nu zelf te kiezen, regel je het precies zoals jij het later wil'. Yn Fryslân hat 9 persint fan de 18-jierrigen al spontaan in kar makke foar donaasje. Njoggentich persint hjirfan wol wol organen of weefsel ôfstean. Dat is ûngefear gelyk oan it lanlik gemiddelde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)