Brief oer gefaar alkohol

11 des 2009 - 10:53

Gemeenten wize âlders op de gefaren fan alkohol. Se stjoere de brief no mei it each op de kommende feestdagen. Yn de brief wurde âlders der op wiisd wat alkohol mei de ûntwikkeling fan har bern docht. Sa soene bern ûnder de 16 mooglik op in leger ûnderwiisnivo útkomme kinne troch alkoholgebrûk.

Neist gemeenten dy't de brief ferstjoere, binne der ek gemeenten dy't de brief yn in pleatslike krante opnimme litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)