Brief FNP Wymbrits oer fúzje

27 maaie 2009 - 07:27
  • Steaten moatte ek tsjinstanners hearre

Boargers sjitte neat op mei de gemeentlike weryndieling yn de Súdwesthoeke. Dat seit de fraksje fan de FNP yn Wymbritseradiel yn in iepen brief oan de provinsje. In nije, grutte gemeente is neffens de fraksje burokratysker en ûnpersoanliker.

It gefoel mei de minsken op strjitte giet ferlern en it gemoedlike plattelânskarakter fan de gemeente feroaret yn in saaklike moloch. De fraksje is ek bang foar hegere leankosten en oerstallige gebouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)