Brief EVT oan Twadde Keamer

26 nov 2013 - 14:51
  • Fearboat Spathoek fan de EVT

It folsleine personiel fan de Eigen Veerdienst Terschelling ropt de Twadde Keamer yn in brief op om rekken te hâlden mei de banen fan de fjirtich wurknimmers fan de EVT. De Keamer praat woansdei oer de feartsjinsten nei de Waadeilannen.

De steatssekretaris wol de fergunning fan de EVT ynlûke, om't rederij Doeksen neffens har tefolle te lijen hat fan de konkurrinsje fan de EVT. De wurknimmers fan de Eigen Veerdienst Terschelling sizze dat sy dêr no de dupe fan binne. Yn it brief skriuwe se dat der wis wol plak is foar twa rederijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)