Brief eks-fertochte yn krante

09 mrt 2004 - 00:00

De Nieuwe Ooststellingwerver hoecht gjin ekskuzes oan te bieden oan de Haulerwiker dy't fertocht waard fan de moard op kroechbaas Werkman. De krante publisearret woansdei op de foarside in brief fan de eks-fertochte.

Dat is de útkomst fan oerlis tusken de krante en de advokaat fan de fertochte. Hy easke ferline wike rektifikaasje foar de rjochtbank. Dat hie net folle kâns neffens de rjochter. Dy sei dat beide partijen om tafel moasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)