Brief Bakkefean oer Q-koarts

12 jan 2010 - 17:02

Ynwenners fan Bakkefean krigen tiisdei allegear in brief yn 'e bus mei ynformaasje oer de Q-koarts. Bakkefean leit yn in straal fan 5 kilometer fan twa besmette bedriuwen. It giet om in geitehâlder yn it Drintse Een-West en in bedriuw yn Sânhuzen, Grinslân.

De gemeente Opsterlân hat neat te sizzen oer de brief fan it ministearje fan VWS. De gemeente komt allinnich yn aksje wannear't der yn de straal fan 5 kilometer ek in Frysk geitebedriuw sit. Dat is net it gefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)