Briedsúkses seldsume fûgels

20 aug 2007 - 21:42

Nei it eardere briedsúkses fan de kraan ha benammen it paapke en de skatekster in hiel goed briedseizoen achter de rêch yn it Fochtelderfean.

Behearder Natuurmonumenten is benammen bliid mei de fjouwer briedgefallen fan de skatekster. Dy sitte foaral yn de râne fan it natoergebiet, dat koartlyn noch boerelân wie. Sjoen de ûntwikkeling fan it gebiet ferwachtet Natuurmonumenten dat de skatekster der noch talriker wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)