Briedgebieten ferbetterje

23 okt 2012 - 11:45
  • Ljip

De greidefûgels ferdwine sûnder mis út Fryslân as de beskerming net mear konsentrearre wurdt op goede briedgebieten dy't noch better makke wurde moatte. Dat docht bliken út in rapport yn opdracht fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Lânbou.

In skoft ferlyn sei Fûgelbeskerming Nederlân ek al dat greidefûgelbeskerming konsentrearre wurde moat. Seker in tredde fan de greidefûgelgebieten moat bestean út poerbêste briedgebieten. De wetterstân soe omheech moatte en der soe minder yntinsyf buorke wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)