Briedfûgels ferdwine fan Waad

16 nov 2013 - 10:49

It giet net goed mei de briedfûgels yn it Waadgebiet. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Wageningen Universiteit. It giet dan ûnder oare om de Noardske stirns, de klút en de strânljip. De fûgels op it Waad hawwe bot te lijen fan rôfbisten en fan stoarmich waar.

Dêrtroch komme der hieltiid minder jonge piken. Ek binne hieltiid mear kwelders tagonklik foar toeristen en dat soarget foar fersteuring fan de nêsten. Neffens de Wageningen Universiteit sille guon soarten folslein út it Waadgebiet ferdwine as der gjin maatregels naam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)