Briedende strúsfûgel bekûgele yn bistekamp Easterwâlde

22 maaie 2015 - 12:45
  • Jannes Stoker mei de strúsfûgel

In briedende strúsfûgel yn bistekamp De Balhof yn Easterwâld is bekûgele mei stiennen en de aaien fan de fûgel binne meinaam. Foarsitter Jannes Stoker fan de stichting Hertenkamp De Balhof hat it fermoeden dat bern út it doarp derachter sitte. De foarsitter ropt de âlden op om de bern oan te pakken.

It is net de earste kear dat der fernielings oanrjochte binne yn it kamp. Earder hawwe guon besocht de geiten yn in wetterbak te dwaan. Wie dat slagge, dan soene se ferdronken wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)