Brian wer keeper reade duvels

03 okt 2008 - 14:33
  • Brian Vandenbussche is wer reade duvel

Keeper Brian Vandenbussche fan Sportclub Heerenveen is selektearre foar de kommende twa WK-duels fan it Belgysk nasjonale alvetal. It is foar it earst yn in heal jier dat Vandenbussche wer oproppen wurdt.

Dêrfoar siet er op eigen inisjatyf op de bank by it Hearrenfean, omdat er de kop der net echt byhâlde koe. De doelman fan Hearrenfean waard te bot ôflaat troch in slepende rjochtsaak oer in kafeerúzje. Sûnt dit seizoen spilet Vandenbussche wer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)