Breuken baby: 8 moanne sel

06 feb 2007 - 16:10

Tsjin in 34-jierrige ynwenner fan Burgum is tiisdei acht moanne sel mei tbs en twangferpleging easke. De man wurdt derfan fertocht dat er sûnt febrewaris 2005 syn poppe sawat 40 bonkebreuken tabrocht hat.

De offisier easket in lege selstraf om't de man net_al_te_tige is en himsels ûnder stress net yn 'e hân hat. Wol wurdt tbs en twangferpleging easke. De man sels sjocht de needsaak fan behanneling net yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)