Breuk Gemeentebelangen SWF

16 okt 2012 - 12:31
  • It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits

Riedslid Henk Hoekema út Koudum en de partij Gemeentebelangen yn de gemeente Súdwest-Fryslân geane útinoar. Hoekema giet fierder as ûnôfhinklik riedslid yn de gemeenteried. Hoekema wie by de gemeenteriedsferkiezings fan ein 2010 nij by Gemeentebelangen. Hy waard fuortendaliks listlûker en - dêrnei - fraksjefoarsitter fan Gemeentebelangen yn de ried.

Foarsitter Jacob van der Pol fan Gemeentebelangen betreuret de breuk. Der wie in ferskil fan miening oer it te fieren belied en it ynfoljen fan it riedslidmaatskip, neffens Van der Pol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)