Breuer net tsjin Feyenoord

11 des 2009 - 13:17
  • Michel Breuer sit tsjin Feyenoord op de bank

Hearrenfean ferdigener Michel Breuer sit yn de wedstriid tsjin Feyenoord op de bank. De oanfierder is ôfrûne snein tsjin Heracles Almelo blessearre rekke oan syn hakke. Hy is net fit genôch om yn de basis útein te setten. Ek Michal Svec is der tsjin de Rotterdammers net by.

SC Hearrenfean hat yn eigen hûs al alve jier net mear fan Feyenoord ferlern. De lêste kear dat dat barde wie op 11 september 1998. Doe waard it 0-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)