Breuer en Steppe blessearre

27 des 2008 - 17:05
  • Trainer Trond Sollied (foto: Martin de Jong)

Sportklub Hearrenfean moat it yn de derby tsjin FC Grins dwaan sûnder Michel Breuer en Kenny Steppe. Breuer rûn tsjin Portsmouth in ljiskblessuere op en is der dêrtroch net by.

Keeper Steppe is noch wol in pear wike útskeakele troch in rêchblessuere. Brian Vandenbussche nimt it plak oer fan Steppe. Michal Svec sil begjinne as rjochtsback. Trainer Trond Sollied tinkt deroer yn de oanfal wat te feroarjen, mar ta koste fan hokker spilers dat giet, wol er net sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)