Breton fytst lâns minderheden

06 jul 2010 - 16:06
  • Emanuel le Merlus wie tiisdei te gast by radioprogramma Noardewyn
  • De fyts fan Le Merlus mei bagaazje en de Bretonske flagge

De Bretonske taalaktivist Emanuel le Merlus die tiisdei op syn fytstocht by alle taalminderheden fan Europa lâns Fryslân oan. Le Merlus is dwaande mei in 18.000 kilometerlange fytstocht troch hiel Europa om omtinken te freegjen foar de neffens him slim bedrige Bretonske taal.

Le Merlus is no seis wike ûnderweis en reizge oer Cornwall, Wales, Ierlân en Skotlân nei Fryslân. Woansdei giet de reis fierder nei East-Fryslân en Noard-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)