Breteler net mei Di Gojim

07 jan 2011 - 07:05
  • Di Gojim, sûnder Breteler

Gerrit Breteler sil dochs net meispylje yn it nije teaterprogramma fan klezmerband Di Gojim. Beiden makken dat ferline wike noch wol bekend. Reden dat Breteler foarearst eefkes ôfheakke is, is dat der gjin subsydzje jûn is oan it projekt. Beide partijen ha dêrom besletten de gearwurking út te stellen nei it teaterseizoen 2011-2012.

Di Gojim begjint wol mei de searje konserten dy't pland steane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)