Bretale strjitrôf yn Snits

25 jul 2002 - 00:00

In frou fan 78 jier út Snits is woansdei berôve fan har guod. Se rûn mei de rollator nei it sintrum. In jonge op de fyts pakte de tas mei boadskippen út it kuorke en fytste fuort. Yn de tas siet ek jild, de frou hie krekt pind, en in lêsbril.

De jonge is tusken de 18 en 20 jier. Hy is meager en hat donker hier. Undersyk yn de buert smiet neat op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)