Bretale oerfal oplost

03 feb 2003 - 00:00

De plysje hat in bretale oefal op in 72-jierrige frou út Drylts oplost. Twa manlju fan 21 jier, út Snits en Elst, binne oanholden. Se ha bekend dat se op krystnacht de frou fêstbûn en mishannele ha, en har pinpas en koade stellen ha.

De twa koene oanholden wurde nei in útstjoering fan Plytsjepost fan Omrop Fryslân. De Snitser hat ek in tal ynbraken yn syn wenplak bekend. Hy wie ek fan doel in supermerk te oerfallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)