Brekt Chris Hotze syn rekôr?

02 jul 2008 - 15:20
  • Hotze Schuil
  • Chris Wassenaar (foto Martin de Jong)

It kin woansdei in histoaryske dei wurde foar de keatsleafhawwers. Topkeatser Chris Wassenaar fan Minnertsgea kin it rekôr fan 'e measte keningstitels ea evenare. Dat rekôr is no noch yn hannen fan de legindaryske Harnzer keatser Hotze Schuil, dy't 83 keningstitels byinoar keatste.

Chris Wassenaar stiet op 82, mar kin útrekkene yn Schuil syn wenplak Harns op gelikense hichte komme. Chris Wassenaar lei dêrom foar de partij in krâns by Schuil syn stânbyld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)