Breidspear trout op boat

04 mrt 2003 - 00:00

Op It Hearrenfean kinne breidspearen sûnt koart op alderhanne lokaasjes boaskje. It ja-wurd mei jûn wurde yn de eigen tún, yn Thialf of yn it Abe Lenstra Stadion. Yn juny trout it earste Feanster pear op in alternatyf plak: in boat.

Stellen moatte skriftlik om tastimming freegje by it kolleezje. Ek moatte se rekken hâlde mei hegere kosten. In amtner moat earst in besite bringe oan de lokaasje om it plak te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)