Brêgespringers oanpakt

01 aug 2008 - 10:49

Fanwege in soad klachten oer brêgespringers en jongerein dy't achter boatsjes hinget, hat de plysje tongersdei mei 3 boaten surveilleard. Dat gebeurde op 'e Burgumermar, it PM-kanaal, de Swemmer en de Kûkhernster Feart.

Meielkoar is der 12 kear in proses ferbaal útdield. Under oaren sân kear foar it hinderlik yn it wetter wêzen en twa kear foar it swimmen by brêgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)