Brêgeproblemen troch waarmte

20 jul 2014 - 14:15
  • De brêge fan Dronryp wol troch de waarmte net mear iepen
  • De brêge fan Dronryp wurdt kuolle
  • Boatsjeminsken moatte gewoan trochfarre kinne

Yn Dronryp woe de brêge oer it Van Harinxmakanaal troch it waarme waar snein net mear iepen. It probleem ûnstie sneontejûn. Gefolch fan it mankemint wie wol dat it oan beide kanten fan de brêge drok waard mei boatsjes dy't net fierder koene.

De brêge by de Wetterpoarte yn Snits en de brêge fan Koatstertille woene ek in pear oeren net iepen of ticht. Sneon rekke ek de brêge oer de Meinesleat yn Akkrum ek al bûten gebrûk troch it hite waar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)