Brêgen net goed ûnderholden

25 jul 2011 - 16:54

Skuorren of houtrot yn 'e peallen en losse stikken beton. Dat binne problemen dêr't brêgen en fiadukten mei te krijen hawwe. As der neat dien wurdt, dan driget der op in beskaat stuit ynstoartingsgefaar.

Deiblêd De Pers publisearre moandei in list mei 65 gemeenten dy't ûnfoldwaande skoare op ynspeksjes en ûnderhâld fan brêgen. Op de list fan de enkête steane ek de Fryske gemeenten Lemsterlân en Wûnseradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)