Brêgen faak iepen foar 'Boat'

23 jul 2011 - 13:37
  • Auto's wachtsje foar Tútsebrêge Grou (foto: Jan Durk de Haan, Omrop Fryslân)
  • Foto: Jan Durk de Haan (Omrop Fryslân)

It ferkear Ljouwert en omkriten hat sneon flink wat lêst fan de brêgen dy't hieltyd iepengean foar de dielnimmers fan De Boat Giet Oan. De lytse 200 dielnimmende skippen farre fan Snits nei Ljouwert oer it PM kanaal, de Swette en de steande-mêst-rûte. De brêgen yn Ljouwert gean de hiele middei alle 10 minuten iepen.

Moandei fan 9 oere ôf sette de skippen wer ôf. Minsken dy't yn Ljouwert wurkje, wurdt oanret om foar 9 oere yn 'e stêd te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)