Brêgen achterinoar iepen

03 feb 2011 - 12:38
  • De Hermesbrêge yn Ljouwert

De brêgen yn Ljouwert wurde tenei better op inoar ofstimd. De gemeente wol dêrmei berikke dat boatsjeminsken yn ien kear troch de stêd farre kinne. Dat is ien fan de maatregels om mear wettersporters nei de Prinsetún yn Ljouwert te lûken.

De oerheid stekt 1,1 miljoen yn 'e oanlis fan in sloeprûte oer de Wurdumerfeart en it oanpassen fan brêgen nei de stêd ta. Yn 2012 moat it wurk klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)