Brêgeman falt fan ljedder

05 jul 2002 - 00:00

In ynwenner (32) fan Rottum is ferwûne rekke doe't er fan in ljedder foel. Hy wie by in feesttinte dwaande mei it ophingjen fan lampen. Yn dy tinte soe syn brulloft wêze.

Troch de wyn rekke de man it lykwicht kwyt en foel er op de houten flier. Mei pine yn 'e rêch en in lichte harsenskodding moast er nei it sikehûs. De brêgeman koe gau wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)