Brêgedek Alphen wurdt yn maart pleatst

01 des 2015 - 14:45

Yn maart wurdt nei alle gedachten op 'e nij besocht it stik brêge te pleatsen foar de Koningin Julianabrêge yn Alphen aan den Rijn. BSB Staalbouw fan Sumar is belutsen by de bou. Yn augustus soe de brêge ek al pleatst wurde, mar dat gie doe mis.

It stik brêge foel en ek twa kranen gongen om. Se foelen boppe op in tal gebouwen. It stielen part fan de brêge wurdt noch ûndersocht. It stik dêr't it ferkear oerhinne moat, is stikken. Dat moat ferfongen wurde. As it stik brêge pleatst is, kostet it noch seis wiken om alles ôf te bouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)