Brêge Terwispel freed iepen

21 aug 2012 - 14:07
  • De brêge yn Terwispel

De Spaltenbrêge yn Terwispel giet nei alle gedachten freed wer iepen foar it ferkear. Der wurdt tiisdei en woansdei hurd wurke om de skansearre brêge te reparearjen. Tongersdei wurdt de brêge kontrolearre en testen. As dat goed ferrint, giet de brêge neffens de gemeente Opsterlân freed wer iepen.

De brêge stiet sûnt ferline wike freed iepen nei't in knier stikken gie. Boatsjes kinne der wol lâns, it ferkear op 'e dyk moat omride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)