Brêge Terherne mei net iepen

26 jul 2011 - 07:31

De teloarstelling yn Terherne wie dit wykein grut. It evenemint De Boat Giet Oan hie in moaie gelegenheid west om de Sânsleatsbrêge yn it doarp te betsjinjen, mar de gemeente woe dêr gjin tastimming foar jaan.

Al skoften besiket Theunis van der Meer de brêge iepen te krijen, al is it mar in pear kear per jier. Neffens in risiko-analyze fan de gemeente Boarnsterhim soe soks 40.000 euro kostje, mar neffens Theunis van der Meer kin dat folle goedkeaper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)