Brêge Stroobos ticht

22 aug 2008 - 07:35

De brêge fan Stroobos leit der freed de hiele dei út, omdat der in lager ferfongen wurde moat. It skipferkear kin gewoan trochfarre, mar auto's moatte omride. Fytsers en kuierders wurde mei in pontsje oersetten. De provinsje hopet dat de brêge der maksimaal in dei útlizze sil.

Tongersdeitejûn hat de Burgumer brêge oan de Burgumerdaam in skoft foar de helte ôfsletten west. Yn it dek fan de âlde brêge wie in planke barsten en dy is ferfongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)