Brêge stikken troch Definsje

30 des 2006 - 13:02

In brêge yn natuergebiet De Barte tusken Aldeberkeap en Noardwâlde is yn oktober foar in grut part stikken riden troch in wein fan Definsje.

Definsje wie dwaande mei in grutte oefening op de iepenbiere dyk, mar twa legerweinen kamen ek yn it ôfsletten gebiet telâne. Se binne doe oer in houten brêge fan Steatsboskbehear riden en ha in gat efterlitten. Nei in klacht fan steatsboskbehear moat Definsje de skea, 7000 euro, betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)