Brêge Snits noch net feilich

03 jul 2007 - 10:04

De kuierdersbrêge tusken de Earste Easterkade en de Pampuskade yn Snits giet noch net iepen.

De iepening is útsteld om't de feiligens noch net garandeard wurde kin. De brêge slút net goed oan op de ûndersteuning. Om mooglike problemen foar te kommen, komt der ekstra ûndersteuning. De orizjinele ûndersteuning wurdt dan ferfongen. Nei ferwachting kin der dan ein july oer de brêge rûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)