Brêge Skûlenboarch stikken

06 jun 2004 - 00:00

De brêge by Skûlenboarch koe snein troch in technyske steuring net mear ticht. It mankemint waard oan it begjin fan de middei ûntdutsen. De stremming foar it ferkear op de dyk tusken Jistrum en Eastermar duorret oant moandei. It giet dus net om de N369, de dyk fan Koatstertille nei De Harkema.

Boaten op it PM-kanaal dy't nei de Burgumermar farre wolle, ha der fansels gjin lêst fan. De brêge stiet de hiele tiid gewoan iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)