Brêge Skûlenboarch neisjen

23 jul 2007 - 11:18

De provinsje sil it bewegingsmechanyk fan de brêge by Skûlenboarch besjen. Mooglik is de brêge oer it PM-kanaal út it lead sketten doe't dy sneontemiddei ramd waard troch in Dútse rûnfeartboat. Sûnt sneontejûn is de brêge wer yn gebrûk.

De leuning is makke sadat der gjinien ôffalle kin. Ek it elektroanyske draaimechanyk is wer yn oarder. Der wurdt no sjoen oft de skarnieren net ûntset binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)