Brêge Skûlenboarch by Jistrum is wer klear foar ferkear

04 feb 2016 - 15:36
  • Skûlenboarch

It wurk oan de brêge Skûlenboarch oer it Prinses Margrietkanaal by Jistrum is klear. En dat is hast twa wiken earder as de bedoeling wie. Troch in oanfarring wie it remmingswurk fan de brêge skansearre rekke. Dat binne grutte peallen dy't foar de brêge yn it wetter steane. It wie makliker as ferwachte om dy peallen út de grûn te lûken. En ek nachts gong it wurk flugger as Rykswettersteat fantefoaren tocht hie.

Botsing mei frachtskip

Yn 2014 fear in frachtskip tsjin it remmingswurk fan de brêge oan. It werstelwurk koe pas dit jier begjinne, omdat de nije ferbiningswei nei de brêge by Koatstertille earder noch net klear wie. It ferkear moast dêr oerhinne kinne doe't de brêge fan Skûlenboarch ticht wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)