Brêge Ofslútdyk noch net makke

24 mrt 2007 - 12:42
  • De brêge stiet no standaard iepen foar skipfeart

Automobilisten op de Ofslútdyk út de rjochting Noard-Hollân moatte noch in wike rekken hâlde mei in omlieding en mooglik fertraging by Koarnwertersân. De brêge dêr is sûnt freed stikken omdat der in skip tsjinoan fearn is.

By de oanfarring is in pers kapot gien, bedoeld om de brêge wer op de dykshichte te krijen. Rykswettersteat lit witte dat it wol ris in wike duorje kin foardat it ûnderdiel ferfongen wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)