Brêge net feilich foar fytsers

10 des 2007 - 22:56

Der moatte gau maatregels komme om de fytsers op de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille te beskermjen. Dy fytse no noch op de fentwei, mar dêr makket ek al it oare ferkear gebrûk fan. De steatefraksje fan de ChristenUnie fynt dat ûnakseptabel. Foaral foar bern is it net feilich.

De ChristenUnie hat al earder frege om in oplossing, mar krige hieltyd nul op it rekest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)