Brêge minder wyngefoelich

23 jan 2007 - 17:19

De súdlike draaibrêge yn de Ofslútdyk wurdt minder wyngefoelich makke. Takom wykein is it wurk dien en dan kin de brêge ek by mear as wynkrêft 8 draaie. Dat is handich wannear't skippen yn de Waadsee beskutting sykje yn de Iselmar. In oar probleem is dat de brêge mei waarm waar betiden net ticht wol. Hy ferfoarmet dan en slút net mear. De oannimmer pakt dat probleem yn maaie oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)