Brêge Menaam wer ticht

06 jun 2006 - 11:46

De brêge yn Menaam giet tiisdei op 'e nij ticht foar ferkear. Der komt in saneamde slytlaach op de brêge. It wurk duorret nei alle gedachten de hiele dei.

De brêge is krekt fernijd en hat doe ek al moannen ticht west. Krekt as doe moat it autoferkear no ek omride. Fytsers en fuotgongers moatte oer in brechje fierderop. Menameradiel giet derfan út dat de brêge woansdei wer gewoan iepen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)