Brêge Menaam fuorttakele

11 jan 2006 - 16:04

In grutte kraan hat woansdeitemoarn de âlde beweechbere brêge by it gemeentehûs yn Menaam fuorttakele. De kommende moannen wurdt op dat plak in nije, fêste brêge oanlein.

Auto's kinne der salang net lâns, foar fytsers is in needbrêge oanlein. De nije fêste brêge wurdt in meter heger as de âlde. De farrûte foar boaten bliuwt op dy wize iepen. De brêge hat mear as 50 jier tsjinst dien. De nije is net earder as 15 april klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)