Brêge mar twa kear deis iepen

21 jul 2010 - 19:52
  • Foto's: Omrop Fryslân

Tsientallen toeristen op bungalowpark it Wiid yn Earnewâld binne lilk. Se kinne net mear samar mei it boatsje derop út. It brechje dêr't se troch moatte om op de mar te kommen is sûnt woansdei ticht en in protte boaten passe der net ûndertroch.

Twa kear deis is it brechje in oere iepen, toeristen fine dat te min. De gemeente en de feriening fan eigners fan bungalowpark It Wiid binne yn oerlis om it probleem op te lossen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)