Brêge Kystersyl wer stikken

24 jan 2008 - 16:15

De brêge by Kystersyl by Frjentsjer is wer stikken. Earder dizze wike wie dat ek al sa. Doe wiene der problemen mei de motor. No is noch net dúdlik wat der krekt mis is. De brêge stiet iepen sadat beropsfeart der noch wol troch kin. It autoferkear en oare ferkearsdielnimmers moatte omride.

De eigner fan 'e brêge, Wetterskip Fryslân, ferwachtet op koarte termyn wat te regeljen om de fytsers en fuortgongers oersette te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)